swinswette.nl © 2008                    

 

 

SWIN.SWETTE

KULTUUR YN IT HERT FAN FRYSLÂN, WAARMTE YN IT HERT      

 

 

ZELLE

 

6 NOVEMBER |  20.00 uur  | Oude zuivelfabriek Reduzum |  15,- 

 

           

 

 

 

In foarstelling oer in aparte dûmny 

Fanwege grut sukses krûpt Freark Smink op 'e nij yn 'e hûd fan dizze markante dûmny en spilet er op 6 novimber foar us yn De Oude Zuivelfabriek te Reduzum.

 

Freark Smink en regisseur Hans Man in ’t Veld makken de produksje yn 2008. Der waarden twa tige suksesfolle rigen spile foar it Fryske publyk. Net yn it lêste plak fanwegen it sukses, mar ek omdat dûmny Zelle net allinne yn Ljouwert preke hat, mar ek op oare plakken yn Nederlân, is keazen foar in Nederlânsktalige toernee. Hoite Pruiksma stiet neist Freark op it poadium. Hy skreau de muzyk en bespilet twa harmoaniums. In Dúts harmoanium fan it merk Liebig en in Frâns drukwind harmoanium fan de Frânse bouwer Alexandre & Fils.

 

Dûmny Zelle (1907 – 1983) wie in fanatyk sporter, in Spartaansk libjend man. Hy liet him troch net ien twinge. Fiere famylje fan Mata Hari. As Zelle preke, dan hie net ien mear wat yn te bringen. Maarten ‘t Hart skreau yn syn boek Het Vrome Volk oer Zelle’s tochten lâns kroegen. Net om te drinken, mar om de kafeebesikers fan de sonde te oertsjûgjen.

Akteur Freark Smink wol witte wat dizze dûmny hjoed de dei noch te sizzen hat.

 

Want as je Zelle ienkear sjoen, en foaral ek héárd hawwe, lit de man je net mear los. Muzikant Hoite Pruiksma hat as 14-jierrige jonge Zelle noch op it tsjerkoargel begelaat. Dramaturch Gooitsen Eenling hat Zelle preekjen sjoen en heard.

 

Zelle is berne yn Ljouwert en dêr ek stoarn. Hy wie sân jier dûmny yn Rockanje. Dêrfoar en dêrnei preke hy oeral dêr’t er mar frege waard; soms wol fiif kear op in snein. Simmers, yn ’e koarte broek op de fyts derhinne. In echte preek-tiger. Op de preekstoel groeide er út ta in tongerjende preker oer hel en ferdommenis. De tsjerken sieten grôtfol. Zelle wie  dúdlik, hy doarde it wol te sizzen en die dat mei in lûd as in klok. En as hy song, koest it oargel amper mear hearre.

 

Dizze foarstelling is mear as in ‘feest der herkenning’ foar minsken út itselde tsjerklike miljeu of foar dyjingen dy’t Zelle noch kend hawwe. (Leeuwarder Courant)

 

It leveret in yndrukwekkend en libben spul op fan in bysûndere man en tagelyk in ynnimmende persoansbeskôging fan Smink sels, dy’t dêrby tsjinstber holpen wurdt troch organist Hoite Pruiksma. (Friesch Dagblad) 

 

www.domineezelle.nl 

 

 

 

 

 

PROGRAMMA                              

 

 

DE KAST!

19 september 2010

 

SNEKER CANTORIJ

10 oktober 2010 

 

ZELLE

6 november 2010

 

FILM!

18 december 2010

 

NIEUWJAARSCONCERT

januari 2011

 

BOEKENWEEK

27 februari 2011 

 

JAN ARENDZ &

MARIJKE GEERSTMA

met STERK STAALTSJE 

20 maart 2011

 

FEETWARMERS

10 april 2011

 

THEUN PLANTINGA

met GRUTTE JONGE

15 mei 2011

 

SPETTEREND ZOMERFEEST

juni 2011